461 Ocean Boulevard

Eric Clapton yn Wetzikon, Surich op 19 juny 1977

461 Ocean Boulevard is in yn july 1974 by RSO Records ferskynd album fan bluesmuzikant Eric Clapton. It wie syn earste album neidat hy stoppe wie mei hearoïne en syn twadde nei it útelkoar gean fan Derek & the Dominoes. De ferwachtingen wiene heech, sadat Clapton by it meitsjen fan it album ûnder grutte druk stie. It waard lykwols goed ûntfongen, al fûnen guon kritikasters dat mei 461 Ocean Boulevard de kreative groei der by Clapton wat út wie. It helle lykwols de hitlisten en yn ferskate sels it earste plak.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy